The Man Who Would Be King (koart ferhaal)

The Man Who Would Be King
algemiene gegevens
auteur Rudyard Kipling
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre aventoerefiksje
1e publikaasje 1888, Allahabad
oarspr. útjwr. A.H. Wheeler & Co.
bondel The Phantom 'Rickshaw and
   Other Tales

The Man Who Would Be King is in koart ferhaal fan 'e hân fan 'e Ingelske skriuwer Rudyard Kipling (1865-1936). De titel betsjut: "de man dy't kening wurde woe". It ferhaal heart ta it sjenre fan 'e aventoerefiksje en giet oer twa Britske aventoerslju yn Britsk-Ynje, dy't harrensels kening meitsje oer Kafiristan, in ôfhandige úthoeke fan Afganistan. The Man Who Would Be King waard foar it earst publisearre yn 'e ferhalebondel The Phantom 'Rickshaw and Other Tales, dy't yn 1888 útkaam by útjouwerij A.H. Wheeler & Co. yn Allahabad. It waard yn 1896 ek taheakke oan Wee Willie Winkie and Other Child Stories, en ferskynde yn withoefolle werprintingen fan dy beide ferhalebondels. The Man Who Would Be King is ien fan Kipling syn bekendste ferhalen, en it is neitiid ferskate kearen adaptearre ta oare media. Bûten de Angelsaksyske wrâld is it fral ferneamd wurden troch de ferfilming ûnder deselde titel út 1975, mei Sean Connery en Michael Caine yn 'e haadrollen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy